Grou wol nije muzyktinte

© Omrop Fryslân
Grou komt yn aksje foar in nije multyfunksjonele muzyktinte op It Grien yn it sintrum fan it doarp. Yn de jierren '80 is de doe al jierren besteande muzyktinte ôfbrutsen. It plein moast brûkt wurde foar parkearen.
Der is doe in staketsel mei in plestik dak delset mar dat foldocht net. Pleatslik Belang wol wer in echte muzyktinte en presintearre woansdeitejûn de tekeningen. Under de tinte komme iepenbiere húskes.