'Fryslân as lânsdiel Noard'

Van den Berg: Fryslân as lânsdiel Noard
Fryslân kin better opgean yn in lânsdiel Noard mei Grinslân en Drinte, as nei de weryndieling minder as 25 gemeenten oerbliuwe yn de provinsje. Dat sei boargemaster Wil_van_den_Berg fan Ferwerderadiel yn syn nijjierstaspraak.
Van den Berg wol dat Fryslân bestean bliuwt, mar dan moat it provinsjale bestjoer as oanjeier in krêftige funksje ha. Dat kin neffens him net mei in lyts tal gemeenten.