Van der Duim wer blessearre

© Omrop Fryslân
Tennisser Antal_van_der_Duim is de kommende wiken op ´e nij útskeakele. De 21-jierrige Finkegeaster makke begjin desimber nei in heal jier blessuereleed yn de Dominikaanske Republyk syn rentree, mar hat no in weromslach krigen.
Van_der_Duim hat wer lêst krigen fan syn ankel. Dizze wike wurdt der in MRI-scan makke. Oer seis wike hopet de Finkegeaster him wer sjen te litten yn it ynternasjonale tennissirkwy.