Meldpunt kredytkrisis begûn

It meldpunt is in inisjatyf fan VNO-NCW Noord
Undernimmers kinne sûnt tiisdei op de webside meldpuntkredietkrisis.nl oanjaan op hokker wize sy troffen wurde troch de resesje.
Undernimmersorganisaasje VNO-NCW Noord hat it meldpunt opset. De wurkjouwers wolle sa ynventarisearje wat ûndernimmers krekt fernimme fan de kredytkrisis. Oan de hân fan dizze praktykfoarbylden wol VNO-NCW mei de ferskate oerheden om 'e tafel om de problemen op te lossen.