Topbesetting cross S'fean

Lars Boom komt nei Surhústerfean
De 15de edysje fan 'e Sintrumcross fan 14 jannewaris yn Surhústerfean hat in topbesetting. Op de startlist steane ûnder oare wrâldkampioen Lars_Boom, de Belgyske toppers Sven_Nijs en Erwin Vervecken, de Tsjech Radomir_Simunek en de Nederlanners Thijs_Al, Richard Groenendaal, Gerben_de_Knegt en Eddy van IJzendoorn.
Ek komme der fjildriders út Amearika, Itaalje, Dútslân, Poalen, Kanada en Japan. De fjildritdei yn Surhústerfean duorret de hiele dei.