IIs Earnewâld stikken fearn

De ynwenners fan Earnewâld binne lilk op binnenfeartskipper Eelke_Bergsma. Sneintemiddei fear hy mei syn skip troch It Wiid, dêr´t op dat stuit in pear sintimeter iis lei.
Bergsma mocht offisjeel wol troch it doarp farre, mar de iisklub hie him en oare skippers yn it doarp frege it iis te sparjen foar it reedriden. Net allinnich it iis is stikken, de skipper hat ek it skûtsje De Lytse Earnewâldster rekke. De eigners ha oanjefte dien fan fernieling.