Drankrider rekket fan ´e dyk

Op de Strjitwei by Tsjerkgaast is sneintejûn in man mei syn auto fan de dyk rekke. Hy bedarre yn in flauwe bocht tsjin in ferkearsboerd en in lantearnepeal.
Op it plysjeburo moast de man in blaasproef dwaan. Dêr die bliken dat er fierste folle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen.