Dirk Fabriek: Baansporttrofee

Dirk_Fabriek hat sneintemiddei op Nasjonaal Sportsintrum Papendal de Baansporttrofee 2008 krigen. De 23-jierrige koereur út Jobbegea waard it ôfrûne jier nasjonaal kampioen gersbaan. Mar Fabriek liet him ek goed sjen op it EK en it WK. Op it WK langbaan waard hy nei fjouwer wedstriden tredde yn de einstân. Hy wûn de wedstriid yn St. Macaire.
Op it WK foar lanneteam waard Nederlân mei Dirk_Fabriek en Jannick_de_Jong fan De_Gordyk twadde.