Rydbewiis ynnaam nei oanriding

It rydbewiis fan in man (20) út Nijhoarne is sneontejûn ynnaam troch de plysje. De man wie mei drank op belutsen west by in oanriding. Op it krúspunt fan it Sevenaerspaad mei de Bûtenwei seach de man in oare automobilist te let en ried him oan.
De plysje hie it fermoeden dat de man dronken hie en naam him mei nei it buro foar in azemanalyze. Dêr blies de man 105 ug/l. It wie al de fjirde kear dat de man oanholden waard foar riden ûnder ynfloed.