Arbeidspool yn Achtkarspelen

Achtkarspelen wol in arbeidspool
Achtkarspelen komt mei in inisjatyf foar in arbeidspool. Doel is om mooglike wurkleazen yn de kommende tiid wer gau oan in baan yn de omkriten te helpen. It idee moat yn gearwurking mei ûndernimmers fierder útwurke wurde.
Neffens boargemaster Van der Zwan is dit ien fan de mooglikheden om de skea fan de krisis sa folle mooglik te beheinen. Mooglik komt der in loket foar fakatueres op it gemeentehûs.