Noch drokte foar brânwacht

Plysje en brânwacht hawwe nijjiersdei yn de neisleep fan de jierwiksel noch ferskate brantsjes blusse moatten. Yn Wolvegea wie op twa plakken in brânsteapel wer oanstutsen.
Op It_Hearrenfean stie in hage tusken twa huzen yn ´e brân. De bewenners koene it fjoer sels ûnder kontrôle krije. De brânwacht hat it fierder útmakke. Yn Ljouwert stie ek in hage yn ´e brân. En yn De Westereen wie wer in brantsje oanstutsen. Dat koe de plysje mei in omwenner útkrije.