Rekordtal fluchten foar SAR

Rekordtal fluchten foar SAR
De SAR-helikopters ha ferline jier in rekordtal pasjintefluchten makke. Der waarden 187 pasjinten fan foaral de Waadeilannen nei de sikehûzen brocht. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de taname fan it tal boargerfluchten is. It soe te krijen ha kinne mei de groei fan it toerisme op de Waadeilannen.
Kommandant Pijffer sjocht werom op in topjier foar it Search en Rescue team fan de Ljouwerter fleanbasis. Yn 2011 ferhúzje de helikopters fan de SAR nei de basis yn Den Helder.