Nijjiersdûk op Amelân

In goeie hûndert minsken hawwe op nijjiersdei meidien oan de fyfde Amelanner nijjiersdûk. Dat wiene krekt wat mear as de foarige edysje. De jongste dielnimmer wie pas 5 jier, de âldste 61. Sy krigen beide in medalje fan de organisaasje, Ameland Actief.
De rêdingsbrigade fan de KNRM wie by de nijjiersdûk oanwêzich om de boel yn de gaten te hâlden. Dy hoegde net yn aksje te kommen.