Klappen mei pistoal by oerfal

© Omrop Fryslân
Op De Meent yn Drachten is âldjiersjûn in 26-jierrige ynwenner fan Haarlem troch fjouwer manlju oerfallen en mishannele. De Haarlemmer rûn yn de rjochting fan De Kaden doe't hy in klap krige mei in stik hout. Hy sloech werom, mar krige doe in pistoal tsjin syn holle drukt.
De Haarlemmer waard twongen syn jild en syn mobile tillefoan ôf te stean. It slachtoffer krige noch in pear klappen mei it pistoal wernei't de fjouwer dieders op twa fytsen útnaaiden.