Protte folk by âldjiersfeesten

De âldjiersfeesten yn Fryslân ha in soad minsken lutsen. Op it grutte feest yn Ljouwert kamen goed 4.500 minsken ôf. Om tolve oere wie der in grut fjoerwurk. It feest ferrûn sûnder problemen.
Ek de feesten yn Haulerwyk en Surhústerfean lutsen in soad folk. Dêr wiene ferline jier noch rellen. Yn Haulerwyk waard de brânwacht doe it wurkjen ûnmooglik makke. Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf is bliid dat it dit jier rêstiger gien is.