Easterein stiet 'te keap'

Easterein is te keap set. Yn de tunen fan 65 hûzen yn it doarp steane buorden fan makelders. It giet om in aksje fan de jongerein fan Easterein. Se wolle op ludike wize protesteare tsjin it belied fan wenningkorporaasje Welkom.
Dy hie earder hierhûzen te keap set, mar dy wiene te djoer foar de jeugd. Dy fielt him dêrom twongen om bûten Easterein te sykjen nei wenromte. It doarp driget te fergriizjen en dat is krekt wat de jongerein net wol.