Fúzje flechtlingewurk Fryslân

Flechtlingewurk Fryslân, Grinslân en Drinte smite op 1 jannewaris de lapen gear. De trije provinsjale helporganisaasjes foar asylsikers en flechtlingen hawwe de lêste jierren al in soad gearwurke.
It haadkantoar fan de nije organisaasje VluchtelingenWerk Noord-Nederland, komt yn Grins. Klaas Harink fan Vluchtelingenwerk Fryslân wurdt de nije direkteur. Neffens him is de fúzje needsaaklik omdat der de lêste jierren hieltyd mear taken komme.