Krystdrokte by Dokterswacht

De Dokterswacht Fryslân hat dit krystwykein 25 prosint mear minsken holpen as oare wykeinen. Dat docht bliken út sifers fan 'e organisaasje. Ekstra drokte wie der benammen op Twadde Krystdei en op sneon.
Om elkenien helpe te kinnen moast it persoaniel op dizze dagen langer wurkje en der wiene ek al mear minsken ynset. Minsken hawwe wol langer wachtsje moatten op help as gewoanwei, mar elkenien is wol holpen.