Oerfal op bussjauffeur

Yn Drachten is snein in bussjauffeur (42) yn syn bus mei in fjoerwapen oerfallen en bedrige troch twa manlju. Se stapten om tweintich foar achten op De Hanebalken yn, lutsen in fjoerwapen en easken jild. De bussjauffeur, fan It_Hearrenfean, joech it jildlaad oer, wêrnei´t de fertochten útnaaiden.
Tsjûgen hiene foar en nei de oerfal in reade auto yn ´e buert sjoen. De plysje hat dy wol oantroffen, mar it is net dúdlik oft de auto in rol spile hat. De fertochten binne noch net fûn.