Gjin Tinnitus-moetings mear

Minsken mei lêst fan Tinnitus kinne yn de earste twa moannen fan it jier net telâne yn sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean foar harren moetings. Tinnitus is better bekend as it sûzjen fan de earen en komt frij faak foar. Oant no ta wie der alle moannen in moeting yn it sikehûs, mar dat giet yn jannewaris en febrewaris fan 2009 dus net troch. It is mar de fraach oft it dêrnei wol wer weromkomt.
De organisaasje soe te swier wêze en ek wie de opkomst oant no ta leech.