Ruten fernield op De Gordyk

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken op De Gordyk binne yn de nacht nei snein ruten fernield. De plysje hat dêrfoar in man fan 22 jier út De Gordyk oanholden. De earste fernieling wie by in kafee oan de Haadstrjitte.
Letter kaam der ek noch in melding fan in fernield autorút. De eigner fan it kafee (dêr't it rút fernield wie) hie by him yn de buert neifraach dien nei de fernieler en koe dêrnei in goede beskriuwing jaan fan de man. Dêrnei koe de plysje him thús oanhâlde.