Swimbad Sint Anne djoerder

De grutte renovaasje fan it swimbad yn Sint Anne begjint yn maart fan it nije jier. Oant septimber moat it bad dan hielendal ticht foar besikers. Dat hawwe it bestjoer en de direksje fan De Bildtse Slag besletten.
Yn septimber hat de ried fan It Bilt al besletten om it bad te renovearjen. De kosten wurde no rûsd op mear as 1 miljoen euro. De gemeente hâldt der rekken mei dat der bygelyks noch liedingen ferfongen wurde moatte, as no al bekend is.