Botsing op N31 by Harns

Foto: Marvin Kuiper
Op de N31 by Harns binne freed twa auto's opinoar klapt. Dêrby rekke in man (86) út Amstelveen ferwûne. De man kaam by Harns op de ferkearde kant fan de dyk terjochte en botste op de auto fan in man (67) út Gytsjerk.
Dy besocht noch út te wiken, mar dat slagge net. De 86-jierrige man rekke beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is nei it sikehûs yn Snits brocht. Ek in passazjier fan de oare auto is nei it sikehûs brocht.