Drok yn jachthaven Skylge

drokte yn Skylger haven (argyffoto)
Der lizze dizze krystdagen sa'n 100 skippen yn de jachthaven fan Skylge. Dat is neffens de havenmaster in rekord. Der waarden dit jier ek mear skippen yn 'e haven ferwachte, omdat de jachthaven fan Flylân ticht is. Dat komt omdat de opknapbeurt fan dy haven noch net klear is.
Fanwege de jierwiksel wurde der nije wike noch mear skippen ferwachte yn de jachthaven fan Skylge. De earsten dy't dêr de krystdagen trochbringe leinen der al op 15 desimber.