Krista van Duinen wer te plak

De fermiste Krista van Duinen fan Harns is wer te plak. De frou waard sûnt moandei fermist en sûnt dy dei waard der ek troch de plysje om har socht.
Tiisdei hat se út Düsseldorf wei kontakt opnommen mei de famylje. In pear famyljeleden hawwe har dêrnei ophelle. De fou wie lichaamlik wol ynoarder, mar hat psychysk wol problemen. Der waard tocht dat se mooglik yn Parys siet, mar dat wie dus Düsseldorf.