Psychiatry Snits bliuwt

© Omrop Fryslân
De psychiatryske helpferliening yn it sikehûs fan Snits bliuwt bestean. Dat hawwe it sikehûs en de GGZ mei-inoar ôfpraat. Earder waard oankundige dat de klinyk ticht gong, ûnder oare fanwege in tekoart oan psychiaters.
It sikehûs sil fan 1 april ôf sels de helpferliening op de psychiatryske ôfdieling dwaan, de GGZ bemuoit him allinnich noch mei de swierdere gefallen. It personiel en de pasjinten wurde foar 1 april op 'e hichte brocht fan de wiziging.