Lilke reaksjes op ynterview

It ynterview mei deputearre Anita Andriesen yn de nijste útjefte fan Wonen in Fryslân fan Makelaardij Hoekstra hat lilke tillefoantsjes opsmiten. It blêd waard dizze wike yn Fryslân ferspraat, mar der wurdt neat sein oer it ferstjerren fan Andriesen op 3 desimber. Dat fernuvere in soad minsken en sy woene dan ek útlis.
Neffens Hoekstra wie it blêd al foar de tiid printe en is yn oerlis mei de neibesteanden en provinsje besletten it ynterview der net mear út te heljen.