Fryske Wiki: 10.000 artikels

De Fryske Wikipedy, de Frysktalige ferzje fan ynternet-ensyklopedy Wikipedia, hat sûnt moandei mear as 10.000 artikels. Side 10.000 wie de side oer de Schotanusatlas, de atlas fan Fryslân fan om 1700 hinne.
De Fryske ynternet-ensyklopedy is oanmakke op 2 septimber 2002. Hast twa jier letter, 6 juny 2004 waard de tûzenste side skreaun, oer de Fryske flagge en no is de 10.000ste der. De Nederlânsktalige Wikipedia hat 500.000 artikels, de Ingelske 2,6 miljoen.