Flyers slute 2008 goed ôf

De iishockeyers fan de Hajé Flyers hawwe harren lêste wedstriid fan 2008 wûn. Nei it ferlies tsjin Grins en Eindhoven earder yn 'e wike waard it sneintejûn yn en tsjin Amsterdam 4-2 foar de Feansters.
De perioadestannen: 0-1, 1-2, 1-1. De doelpunten fan de Flyers wiene fan Michael Nason (2), Hans Kroon en T.J. Kelly. De Flyers stean no mei 13 punten út 7 wedstriden yn 'e boppe-ein fan de earedivyzje.