Natuerklubs ferlieze leden

Natuerorganisaasjes ferlieze leden
De Fryske natuerklubs ferlieze leden. De measte opsizzings, goed tûzen, kamen binnen by it Fryske Gea. It BFVW, it Bûn foar Fryske Fûgelbeskermingswachten, ferlear sawat like folle leden.
It BFWV hat no noch goed 25.000 leden, in lytse twatûzen mear as it Fryske Gea. Beide klubs stean op plak 21 en 22 fan in list fan it VARA-radioprogramma Vroege Vogels. Dy meitsje elk jier in ynventarisaasje fan it tal leden fan natuerklubs.