Moard Klijnstra op SBS6

Peter R. de Vries jout sneintejûn yn syn programma omtinken foar de moard op Ida Klijnstra út De Blesse. De 52-jierrige frou waard op 23 juny mei in fjoerwapen om it libben brocht yn har eigen hûs. Se paste op dat stuit op har seis wiken âlde beppesizzer.
It is noch hieltyd net dúdlik wa't ferantwurdlik is foar de dea fan de frou. In tiim fan resjersjeurs wurket noch hieltyd oan de saak. It programma fan Peter R. de Vries begjint sneintejûn om 21.30 oere op SBS6.