SC Hearrenfean hurd ûnderút

SC Hearrenfean hat sneontejûn in dik pak op 'e hûd krigen fan Sparta. Op it Kasteel waard mei 4-1 ferlern. By de rêst wie it noch 0-0.
Yn de earste helte krige foaral Paulo Henrique ferskate mooglikheden de skoare iepen te brekken, mar de Brazyljaan faalde yn de ôfwurking. Yn de twadde helte sette Falkenburg de thúsploech op foarsprong. Sibon skoarde in minút letter de lykmakker út in frije traap. Dêrnei rûnen de Rotterdammers út nei 4-1.