Underskieding foar tonielman

Toanielman Peet de Groot fan De Tynje hat sneontemiddei fan boargemaster Ravestein fan Opsterlân in keninklike ûnderskieding krigen.
Hy waard lid yn de oarder fan Oranje Nassau foar syn jierrenlange ynset foar it Fryske amateurtoaniel. De Groot wie jierren bestjoerslid fan it Boun fan Fryske Toanielselskippen. Yn syn eigen doarp, De Tynje, is er aktyf by de pleatslike toanielferiening. Ek hat er him dwaande holden mei kursussen en finânsjes.