Adema net foar ferkearsplan

Deputearre Piet Adema
Ferkearsdeputearre Piet Adema is der net foar dat lânbouferkear yn de takomst mei fjirtich kilometer yn de oere oer tachtich kilometerdiken ride mei. Dit foarstel is ien fan de punten yn in plan dat ferkears- en lânbou-organisaasjes freed oan de Twadde Keamer-fraksjes oanbean hawwe.
Doel dêrfan is it tal ûngelokken mei lânbouferkear werom te bringen. Adema tinkt dat it foar de trochstreaming en feilichheid op 80 km diken better is om maksimaal 60 km yn de oere te riden.