Grûnsakjen giet noch troch

© Omrop Fryslân
De grûn by Frjentsjerteradiel sakket noch altyd mei twa sintimeter jiers, ek al leit de gaswinning no al in healjier stil. Dat is de konklúzje fan yngenieur Adriaan Houtenbos, dy't earder foar de NAM wurke.
De gaswinning is stillein, omdat de grûndelgong folle flugger giet as earder tocht. Der wie rekkene op tsien sintimeter en it is no al 22. Troch it stillizzen fan de gaswinning soe de grûndelgong ôfnimme moatte, mar oant no ta is dat dus net it gefal.