Polem oernaam troch Plasticon

© Omrop Fryslân
It bedriuw Polem BV op 'e Lemmer is oernaam troch Plasticon Europe BV yn Oldenzaal. It Lemster bedriuw dat benammen keunststof silo's en tanks makket, tinkt troch de oername groeie te kinnen.
In diel fan de produksje hjir wurdt oerbrocht nei fabriken fan Plasticon yn it bûtenlân. Sa komt der op 'e Lemmer romte foar nije opdrachten. Polem makket benammen keunststof silo's en tanks.