Tryater klear foar mega-tocht

De Alvestêdetocht-foarstelling fan Tryater kin los. De try-out tongersdei is goed ferrûn. De tour de force fan 12 oeren teater by de alve stêden del is goed ûntfongen troch it publyk dat meidie.
De kaartferkeap rint noch net dat it slydjaget. Fan de 24 tûzen kaarten binne der noch mar 7,5 tûzen ferkocht. Yn it WTC Expo begjint it aventoer fan 12 oeren. Te foet, oer it wetter en yn de bus.