SC Cambuur net alhiel fit

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur spilet freed de lêste wedstriid foar de winterstop. Tsjinstanner dêryn is Go_Ahead_Eagles. Earder dit seizoen ferlear Cambuur mei 2-0 yn Deventer en dus ha it wat goed te meitsjen.
Mar de winterstop komt der oan en de echte fitheid fan it begjin is der wat ôf. Der binne nochal wat ôfwêzigen. Sa kinne Randy_Rustenberg, Dennis_van_der_Ree en Marc_Mboua seker net spylje. Boppedat is reserve-oanfierder Paul_Beekmans skorst.