Rekord tal stimmen op Top 100

It stimformulier fan ´e Fryske Top 100
In rekord oantal fan 50.000 stimmen is al binnen foar de Fryske_Top_100 fan 2008. De list dy’t op 31 desimber útstjoerd wurdt, wie noch nea sa populêr. De stimmen komme fan de harkers en sjoggers fan Omrop_Fryslân, dy’t yn de ôfrûne wiken oproppen binne har persoanlike Top 5 yn te leverjen.
Ein novimber waard mei de tuskenstân al bekend dat de Top 5 der dit jier oars útsjocht as alle oare jierren. De ferskowings dy’t soms nihyl binne, meitsje de list tige spannend.