Kontrôle lânbouferkear

In hiel soad lânboureau foldocht net oan de ferkearsfeiligenseasken. Dat docht bliken út in kontrôleprojekt fan de plysje. Dy hat de ôfrûne moannen yntensyf op lânbouferkear kontrolearre. Reden is dat der in relatyf soad slimme ûngelokken barre dêr't lânbouferkear by belutsen is.
De ôfrûne moannen binne byelkoar goed 760 trekkers en oar lânbouferkear besjoen. Ien op de fiif hie de saken net yn oarder. It gie dan om bygelyks ferljochting en útstekkende lading.