Wimpelaksje: 155.000 euro

De Marrekrite-wimpel
De tradisjonele wimpelaksje fan rekreaasjeskip De Marrekrite hat dit jier 155.000 euro opbrocht. Dat hat direkteur Van den Berg tongersdei bekend makke. Mei de wimpelaksje betellet De Marrekrite foarsjennings foar wettersporters.
It jild fan dit jier giet nei it ûnderhâld fan besteande foarsjennings of it ferfangen dêrfan. De ôfrûne tiid hat De Marrekrite benammen ynfestearre yn nije stegers en oare oanlisplakken.