Wer Europeesk ferlies H'fean

Foto: Portsmouth official website
De Sportclub Hearrenfean hat ek de fjirde en lêste wedstriid yn de groepsfaze fan it UEFA Cup toernoai ferlern. Portsmouth wûn yn it eigen Fratton Park mei 3-0 fan de Feansters. Hearrenfean begûn goed, sa rekke Roy Beerens de peal. Krekt foar it skoft wie it binnen twa minuten dien. Peter Crouch wie twa kear de tûke spits.
Nei it skoft socht de ploech fan Trond Sollied de oanfal, it doelpunt fan Hreidarsson yn de lêste minút betsjutte wol de 3-0 foar Portsmouth.