Brân skansearret hûs Drachten

© Omrop Fryslân
In wenning oan de Wildzang yn Drachten is moandeitejûn swier skansearre rekke troch in brân. Doe't bewenner (47) thúskaam, seach er dat der reek út it hûs kaam. Hy warskôge de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de wenning flink wat skea oprûn.
It hûs is net mear bewenber. Nei alle gedachten is in matras yn de wenkeamer yn 'e flam slein troch in gaskachel.