Van't Veen 'teloarsteld' fuort

Cees van't Veen
It betinken fan de plannen foar it nije Fries Museum yn Ljouwert wie betiden teloarstellend en iensum. Dat sei direkteur Cees van't Veen moandei yn syn ôfskiedstaspraak. Van't Veen hat sân jier direkteur west yn Ljouwert; hy hat in nije funksje krigen by de rykstsjinst foar argeology yn Amersfoort.
Hy fynt dat it Fryske publyk betiden wol hiel kritysk en ôfwachtsjend west hat oer it nije museum op it Saailân yn Ljouwert.