Harns jaget boaten haven út

De gemeente Harns jaget boate-eigners de Sudereastsingel út. Dat is alteast de miening fan guon eigners, dy't konfontearre wurde mei in ferheging fan it lisjild mei 300 persint.
De haven is bedoeld foar toeristen en net foar grutte skippen. Mar winterdeis soargje dy der krekt foar dat it der net leech en ferlitten byleit. Mar it is in passantehaven en de gemeente wol der gjin grutte beropsskippen yn ha en boaten dy't foar langere tiid te keap lizze.