Jeugdhelp wol bern gau helpe

Jeugdhulp Friesland wol takom jier trije kwart fan alle bern binnen seis wike help biede. Dat persintaazje leit heger as de 60 prosint fan no. De oare bern moatte binnen njoggen wike holpen wurde. Dêrmei soe Jeugdhulp Friesland mear as genôch foldwaan oan de wetlike perioade fan trettjin wiken.
De ynstelling hat it ôfrûne jier goed 2000 bern behannele. Dêrneist hat Jeugdhulp Friesland syn wachtlist hast fuortwurke.