Wer jûnsflechten op fleanbasis

Yn de earste trettjin wiken fan 2009 wurde wer jûnsflechten hâlden fan fleanbasis Ljouwert ôf. It fleanen begjint yn de neimiddei oant in oere of alve jûns. Allinnich op freeds wurdt oerdei flein.
De jûnsflechten binne nedich om te oefenjen foar missys yn Afganistan. Dy flechten binne foaral jûns en nachts.