Bern opheind op skoalle Warkum

Fersleinens op skoalle It Finster
Alle bern fan de kristlike basisskoalle It Finster yn Warkum wurde moandei opfongen troch meiwurkers fan de skoalle. Op dizze skoalle sieten de twa suskes dy´t snein omkaam binne by in brân yn de stêd. Sneintejûn bruts brân út yn in wente oan de Mouterij. De heit en mem koene allinnich de 4-jierrige twilling rêde.
Op de basisskoalle kinne bern prate oer harren emoasjes. Alden binne ek op skoalle byelkoar kaam.