Twa bern omkaam by brân Warkum

By in fûle wenningbrân yn Warkum binne sneintenacht twa suskes fan 7 en 9 jier om it libben kaam. Heit en mem koene mei twa oare bern krekt op ´e tiid út it houten hûs weikomme. De brânwacht moast nei oankomst al gau it sykjen nei de twa bern oerjaan omdat it net mear fertroud wie.
De brânwacht fan ûnder oare Nijefurd, Gaasterlân-Sleat en Boalsert hawwe oeren dwaande west om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Dêrnei waarden de lichems fan ´e beide famkes fûn.