Earste riders by Ryptsjerk

Op de Ryptsjerksterpolder is sneintemoarn foar it earst dit winterseizoen reedriden. In groepke manlju doarde it oan op it hiele tinne natueriis by Ryptsjerk.
It is it plak dêr't neffens de tradysje it earst riden wurde kin yn Fryslân. It is in stik ûnderstrûpt lân, dêr't de boel gau tichtfriest.